Útnoeging foar in noflike jûn!

Binne jo 65-plusser (of fiele jo jo sa:)) en ha jo wol ferlet fan in jûntsje fan’e pôle, dan organisearret de âldste groep fan de jeugdclub in gesellich jûntsje foar jo!

We geane spultsjes dwaan wermei at fantastyske priizen te winnen binne! Fansels wurdt der ek goed op de ynwendige minske past.

 

Datum: woansdei 8 febrewaris om 19.30 oere yn’e Nije Pôle

Opjaan: ja graach! (foar 3 febrewaris) Dit kin by Pytrik Feddema: 06-14057580 of Hilde Vlasma: 06-11669205 ha jo ferlet fan in taxi dan kin dat ek trochjûn wurde.

 

Ha jo freontsjes of freondintsjes wêrfan at jo tinke dat die in jûntsje fuort fertsjinne hawwe dan binne die ek fan herte wolkom! Graach oan’t de 8ste febrewaris!

 

Pytrik, Hilde, Amarens, Anneke, Femke, Froukje, Ids, Rixt, Rixte, Thom en Eke.

Reactie schrijven

Commentaren: 1
  • #1

    Maaike Meindertsma (woensdag, 11 januari 2017 15:30)

    Geweldig idee.